Fryske Skiednis Podcast Doetiid — makke troch Mente van den Bosch en Hilbert Vinkenoog

Wat is Doetiid yn Fryske Skiednis Podcast?

Krekt foar de simmer fan 2026, doe’t Mente van den Bosch en Hilbert Vinkenoog beiden noch wurken by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (Tresoar), praatten wy oer in strukturiel gebrek oan Frysktalige podcasts. Nei’t hjir inkele kearen oer eamele wie, sei Mente op in dei:

MB
“Dit is al de tredde kear dat wy it hjir oer ha, moatte wy it dan net sels opsette?”

Mar wêroer dan?

Skiednis fansels! Mente en Hilbert binne beiden histoarisy en ha in passy foar Fryske skiednis. Dizze kar wie maklik makke. Der moat in Frysktalige podcast komme, oer de Fryske skiednis. Wêrby wy net allinnich selsstandich ûnderwerpen presintearje sille, mar ek eksperts en oare saakkundigen útnoegje sille, sadat harkers de meast resinte ûntwikkelings sjen en belústerje kinne.

En wat betsjut “Doetiid”?

Foar de Fryske tiidwurdsfoarmen ha wy de “notiid”, de tiid fan it no dus de tsjinwurdige tiid. Mar ek de doetiid, de tiid fan doe dus de tiid fan it ferliene.

Ferline tiid

de tiid fan doe

Wês wolkom!

It team

Hilbert Vinkenoog
Host

Hilbert Vinkenoog

Hilbert is mear as tsien jier produsint foar syn YouTubekanaal “History with Hilbert”, wêr’t hy regelmjittich histoaryske fideo’s pleatst. Hy is histoarikus en hat oan de Universiteit fan Cambridge en de Universiteit fan Oslo studearre.

Mente van den Bosch
Host & Editor

Mente van den Bosch

Mente is in histoaryske content creator en redakteur by Histoarysk Tiidskrift Fryslân. Hy studearre Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins, wêrnei hy de master North-American Studies folge hat.

Fyzje

De kar om dizze podcast yn it Frysk te meitsjen is bewust makke, omreden dat wy fan it Frysk in sterkere digitale taal meitsje wolle. Yn Nederlân wurde podcasts foaral yn it Nederlânsk of Ingelsk beharke en makke. Troch it gebrûk fan it Frysk bûtenhûs te stimulearjen, hoopje wy in ynteresse foar ús taal te fergrutsjen en fjochtsje wy foar har behâld.

As lêste besykje wy op in tagonklike wize de Fryske skiednis foar in breed publyk te presintearjen, mei in spesjale fokus op jongerein en jongfolwoeksenen. Sadat sy ek entûsjast wurde nei harren ôfkomst en dêrmei de ferbining mei harren identiteit sterker meitsje.

Doel

Us doel is it meitsjen fan in strukturele Frysktalige skiednispodcast, dy’t oaren dêrta oanset om ek yn it Frysk podcasts te meitsjen of oare foarmen fan mediakontent te produsearjen.

Kontakt

Foar gearwurkings, stipe, sponsorships of eventuele fragen, kist ús berikke op it mailadres:

doetiidpodcast@gmail.com